titel

 

Ierske dans bij The Doggy Few

 

Foar in festival act of gewoan in aardige foarstelling is in kombinaasje fan de Doggy Few en Ierske dûns krekt wat jo sikje.

 

De Doggy Few wurket sûnt 2015 tegearre mei Ierske dûnskskoallen Keltisch dansje, Celtic Feet en Rose Irish Dance School. Op oanfraach nimt de band foar jo in oantal dûnsers of de hiele dûnsgroep fan ien fan dizze dûnsskoallen mei. Sy dûnsje mei op de live muzyk fan de Doggy Few!

Tink derom: foar in dûnsoptreden moat in fearjende dûnsflier oanwêzich wéze, lykas bygelyks in houten (vlonder)flier.

 

    

 

 

Of boek de Ceili(dh): in dûnsworkshop foar elkenien


Yn Ierlân en Skotlân wurdt op feesten faaks tegearre dûnse. In populêre foarm fan folksdûnsjen is hjir de ceili(dh): de groepsdûns yn rijen, pearen of in rûnte, wêrby meielkoar in oantal figueren dûnse wurdt op live muzyk. It aardige fan ceili(dh)'s is dat hja ienfâldich te learen binne foar jong en âld: de basis wurdt foarme troch 'rinpassen' (foar gevorderden binne der de echte Ierske dûnspassen, lykas 123'en). In soad groepsdûnsen binne sa opboud, dat 'ûnderweis' fan dûnspartners wiksele wurdt. Sa dounset elkenien ta beslút mei elkenien.
Sykje jo noch in gesellige ynfolling fan jo dei, dan is de ceili(dh) faaks wat foar jo. Ús dûnslerares Koosje, Majken of Keltisch Dansje-lid Annelys leit de dûnsje ta plak oan jo en jo feestgangers út. En dêrnei wurdt de dûns fansels dûnse op live muzyk fan de Doggy Few. Ceili's meitsjen fan jo dei wier in feest!