titel

De Band

 

De Doggy Few ûntstie san 12 jier lyn yn de stêd Grins, wêr ús Dubliner Peter Kelly in Traditional Irish Music Bar hat. Noch hieltyd wurde hjir else snein geweldige Ierske muzyksessies organisearre. Yn O'Ceallaigh Irish Bar binne alle bandleden fan de Doggy Few as muzikant 'grut wurden' en mei elkoar yn kontakt kommen. Hoewol de bandleden ûnderwilens wat útspried binne oer Noard- en Oost-Nederland, reizget de band sûnt troch de Benelux om jigs, reels, drinklieten en ballades te spieljen. Feesttinte, festival, kroech, konsert, brulloft of in autentyke Ierske sesje by jo thús yn de tún of keuken, op de efter- of foargrûn, fersterke of akoestisch, yn lytse of wiidweidige besetting, de Doggy Few binne der klear foar...! 

“The Angelus bells, over the Liffey swells, rang out in the Foggy dew”, de lêste rigel fan it earste kûplet fan ien fan de bekendste Ierske ballades oer de Peaskeopstân fan 1916. Doe't de band in namme nedich hie, stie it ien noch by dat der in kear roppen waarde: "he, Doggy Few, sjong de Foggy Dew noch in kear?!?" Sadwaande de namme...  

 

Jonges: LucasPeter & Erik   

 

Famkes: AnneliesIetsje & Nynke

  

 

Lucas

Sang, gitaar, ferskes

Lucas song eins al foardat hy rinne koe. Doe't in âldere suster begûn te daten mei in banjospiler, rekke hy as 12-jierrige ferknotte oan de Ierske, Skotske en Ingelske ballades en Americana. Neist de klassikers as Deroll Adams, Woody Guthrie en Bob Dylan, hat hy tige folle harke nei de Clancy Brothers, Ian Campbell ensafierder. Fan ôf de mid-jierren '70 reizge er troch Jeropa en Azië en wenne hy yn Ierlân, hy wurke as merkkeapman, weiarbeider, skjinmakker en resepsjonist. Yn dy tiid hat er ek wurke as barman yn kafees en folkclubs, dêr kaam er yn 'e kunde mei de muzyk fan De Bothy Band, Christy Moore, Planxty en de Pogues fansels. Mei dizze eftergrûn hat Lucas gjin muoite ûnderwerpen te finen foar de ferskes dy’t hy skrieuwt foar de band ... :)

 

It wie jierren letter dat er learde om muzyk te meitsjen op syn gitaar en himsels te begelieden. Luke is de frontman, ferskeskrieuwer en kontaktpersoan fan 'e band. Derneist foarmet hy mei Ietsje it swiid tsjustere myzykduo Calamity Jane: www.calamity-jane.nl.  Se bringe fleurich, sels-skreune en coverde lieten en {Ierske} tunes oer alkohol, moard, leafde en ferneamde middelen...

 

 

Petrus (Peter)

Sang, bodhrán, spoons

Syn ûnderfinings as buskondukteur op de bussen yn Dublin hawwe syn styl fan bodhran spyljen sterk beynfloede. Hy stoppet allinnich om in gedicht foar te dragen of in idioat ferske te sjongen mei syn moaie djippe Dublin stim.

 

Peter hat in Traditional Irish Music Bar yn de Nederlânske stêd Grins, wer’t grand muzyk sesjes organisearret. De Ierske sesjes yn it Iersk Music Bar brought` O'Ceallaigh hawwe tegearre in soad folk muzikanten oer de jierren, en noch binne in berteplak foar in protte nije bands! Petrus en Lucas begûn spyljen tegearre jier werom, foar oare folk muzikanten kamen ta synteze sesjes en waarden frege om mei te dwaan Harren band. Dus eins, it wie Petrus syn bar-dêr't 'tein' en brought` tegearre de muzikanten fan 'e Doggy Few.

 

 

  

 

Erik

Akkordeon

Nei in protte omswervingen troch allerhanne Europeeske folk, hat Erik him fan ôf 2003 konsintrearre op de Ierske muzyk. Hy begûn as in sesje-muzikant yn Peter syn Ierske pub O'Ceallaigh yn Grins, wilens spilet hy by ferskate Ierske folksmuzyk-formaasjes yn it noarden fan it lân, wêrûnder the Doggy Few. Troch geregeld Ierlân te besykjen en dêr ek nei masterklassen te gean, hat hy de ‘echte Ierske’ techniken no goed yn' e fingers.

 

Neist it protte spyljen, is Erik ek oprjochter fan de webside www.folkaccordeon.nl. Dizze side hat de bedoeling om Ierske / Skotske folkmuzyk op piano-akkordeon te befoarderjen. Foar algemiene ynformaasje oer folksmuzyk, lûdfragmenten, fideos, fergese blêdmuzyk, ynformaasje oer lessen en mear oer Erik sels, kinne jo sjen op dizze side. Erik fersoarget ek it lûdsysteem en opnames foar the Doggy Few.

 

  

 

 

 

 

 

   

 

Annelies

Sang, Ierske fluit (bodhrán, bouzouki)

Annelie woe as lyts famke fuortendaliks op fluit- en dûnsles. Nei jierren fan klassike musyklessen, jazz en streatdance kaam hja wilens har stúdzjetiid yn oanrekking mei Ierske folk en wie fuortendaaliks ferkocht. De Ierske musyksessies yn O’Ceallaigh Grins, wêr hja tagelyk mei bandgenoat Erik nei binnen rôle, wiene fuortendaliks fêste prik. It duorre net lang of hja hie ek de Ierske dûnslessen yn de stêd fûn. Fia workshops en in protte muzieksessies oant yn de lette oerkes, krige Annelys de folktechnieken ûnder de knibbel. 

De ôfrûne jierren hat hja yn ferskillende bands spile, fan midsieusk oant Folk, wêrby hja ek oare ynstrumenten sa as de bodhran ûnder de knibbel krige. Hja is hingje bleaun by de gesellichste folkband fan allegearre: The Dogs! Dêrnjonken spilet hja by gelegenheidsformaasjes as Winterfolk, is ien fan de dûnseressen by Keltisch dûnske en is se by de Doggy Few it oansprekpunt foar dûnsoptredens en -workshops. Tegearre mei de musicigroep Folksessies in het Oosten  (wêr’t ek bandlid Nynke diel fan út makket) organisearret hja Ierske muzyksessies yn it easten fan Nederlân.

   

 

Ietsje

Sang, fioele

Ietsje komt ut in famylje wêr’t in soad muzyk makke waard. As 6-jierrich famke waard hja fereale op it lûd fan de fioele, neidat hja as bern meinommen waard nei feesten wêr folkmuziek makke waard. Hja begûn mei klassike lessen. Toch bleau der altyd de ynteresse nei de folkmuziek. 

Nei meardere klassike orkesten en ensembles begûn hja wilens har stúdzje har earste folkbandsje. Doe’t hja nei in perioade yn it bûtenlân wer werom kaam nei Grins besleat hja mei te spieljen op de sessies yn O'Ceallaighs om de "Ierske manier fan spieljen" har eigen te meitsjen. Wyls spilet hja yn folkbands as 'the Reel Thing' en fansels 'the Doggy Few'. Derneist foarmet se mei Lucas it swiid tsjustere myzykduo Calamity Jane: www.calamity-jane.nl.  Se bringe fleurich, sels-skreune en coverde lieten en {Ierske} tunes oer alkohol, moard, leafde en ferneamde middelen...

 

Nynke

Sang, fioele

De Doggy Few wurdt sûnt koart wer fersterke troch âld bandlid Nynke. Letter mear!